Lotting PC 2019: Favorite partoer Van der Bos lottet André van Dellen-en-dy

29 jul 2019 - 18:41

It favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra nimt it yn de earste omloop fan de 166ste PC op tsjin André van Dellen, Bauke Dijkstra en Jouke Bosje. Dat kaam út de lotting moandeitejûn yn De Koornbeurs yn Frjentsjer. Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar begjinne tsjin it partoer fan Johan Diertens, Kevin Jordi Hiemstra en Lennart Adema.

Foarsitter Ids Hellinga hiet kening Allard Hoekstra yn it bysûnder wolkom en komplimentearre him mei it feit dat er syn keningstitel mei eare droegen hat it ôfrûne jier.

Fuortendaliks oan de bak

Hoekstra is tefreden mei de lotting, wêryn't syn partoer it opnimt tsjin dat fan Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten. "Dat wurdt in leuke pot. Wy moatte fuortendaliks oan de bak en skerp wêze. Ik bliuw mysels gewoan. It is wer in nije PC."

Yn de koets

Woansdei wurdt de PC-kening fan ferline jier yn de koets nei Sjûkelân brocht. "Dat sil wol efkes spesjaal wurde", laket Hoekstra. "Miskien meitsje ik dat wol noait wer mei."

Taeke Triemstra yn it sintsje

Taeke Triemstra keatst syn tweintichste PC dit jier en waard troch de foarsitter yn it sintsje setten. Histoarikus Willem Hiemstra hie spesjaal foar dit momint alle sifers út de skiednis efterhelle. Triemstra krige in boerd oerhannige ta neitins oan syn 20-jierrich PC-jubileum.

Der moatte noch acht PC's by om in nij rekôr te heljen. Triemstra: "Dat binne der wol in hiel soad. De lêste jierren bin ik hieltyd fit foar de PC, dus dat sit wol goed." Oer syn favoriterol seit Triemstra: "Ik fyn dat wy de lêste wiken wat ûndermaats prestearje, dus ik tink dat it in hiel spannende PC wurde kin."

Moaie lotting foar de PC

Ek Renze Pieter Hiemstra wie tige te sprekken oer de lotting. "Dit is voor de PC zelf een geweldig mooie loting. Niet alleen voor ons partuur, maar voor iedereen. Tuurlijk kijken we alvast wie we in de tweede lijst tegen kunnen komen, maar we moeten slag voor slag iedereen pakken."

Oer de favoriterol dy't syn partoer hat, hâldt Hiemstra him noch wat op 'e flakte. "Als je meer dan vijftig procent winnen, dan ben je gewoon favoriet. En dat doen wij de laatste paar weken. Maar topfavoriet is absoluut Van der Bos. Wij zijn de outsider."

De folsleine lotting, earste list:

1. Jelle Attema, Gabe-Jan van Popta, Patrick Scheepstra 2. Paul Dijkstra, Hendrik Jan v.d. Velde, Stefan van der Meer
3. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra, Tjisse Steenstra 4. André van Dellen, Bauke Dijkstra, Jouke Bosje
5. Bauke Triemstra, Dylan Drent, Hendrik Kootstra 6. Bouke Willem Tuinman, René de Haan, Yannick Hielkema
7. Auke Boomsma, Marten Feenstra, Laas Pieter van Straten 8. Jelte-Pieter Dijkstra, Allard Hoekstra, Thomas van Zuiden
9. Johannes van der Veen, Sip Jaap Bos, Tsjerk Elsinga 10. Remmelt Bouma, Jelte Visser, Willem Heeringa
11. Johan Diertens, Kevin Jordi Hiemstra, Lennart Adema 12. Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra, Hans Wassenaar
13. Haye Jan Nicolay, Pier Piersma, Evert Pieter Tolsma 14. Enno Kingma, Pieter Jan Plat, Sjoerd de Jong
15. Lieuwe v.d. Werff, Sjoerd Smits, Riemer Hoekstra 16. Menno van Zwieten, Kees van der Schoot, Erwin Zijlstra

Folgje de PC live by Omrop Fryslân

Hasto gjin kaarten foar de PC 2019? By Omrop Fryslân hoechst fia de livestream en it liveblog neat te missen. Sjoch foar alle berjochten op ús spesjale dossierpagina www.omropfryslan.nl/dossier/dossier-keatsen.

Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC lotting
(advertinsje)
(advertinsje)