Fryske pasjinte-organisaasjes komme mei kursus 'Omgean mei pine'

Sechstjin pasjinte-organisaasjes yn Fryslân komme mei-inoar mei in kursus om mei pine om te gean. De kursus 'Sterk met pijn' begjint op 6 septimber yn Ljouwert, njonken sporthal Kealledykje.
© Carpal Tunnel Gadgets
De kursus is bedoeld foar minsken mei groanyske pine. Neffens de organisaasje kin de kursus pasjinten helpe, omdat se dêrtroch ynsjoch krije yn harren klachten. Dêrnjonken moat it in bettere kwaliteit fan libben opsmite. De kursus wurdt jûn troch trainde saakkundigen mei ûnderfining.