Wetterskip: "Drûchte hat polderdiken net bot skansearre"

De skea troch drûchte oan de polderdiken yn Fryslân falt ta. Dat is de konklúzje fan Wetterskip Fryslân. It wetterskip kontrolearre de ôfrûne wiken 97 kilometer oan polderdiken. Foaral diken op feangrûn waarden kontrolearre.
dyk, kade, drûchte, skuorren © Omrop Fryslân
Om't it foar it twadde efterienfolgjende jier net folle reint, is it delslachtekoart yn ús provinsje oprûn nei 150 milimeter. Dat is ûngefear 50 milimeter mear as normaalwei yn dizze perioade. Mar mei de skea falt it dus ta, seit Henk Flikkema fan Wetterskip Fryslân.