Fryslan Fêstlein: "De Feanhoop as fakânsje, moaier kin net"

29 jul 2019 - 17:02

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear binne wy op besite by it Veenhoop Festival, dêr't Cornelis Hoogterp al jierren syn fakânsje fiert.

Moaiste feest fan it jier

"De Feanhoop is foar my it moaiste feest fan it jier en stiet dêrom altyd fuort mei read yn myn aginda." Cornelis nimt dan ek gjin heale maatregels. "Ik nim altyd de fakânsjedagen op om by it festival te wêzen. Dit mei ik net misse."

Waarme foto

De foto fan Cornelis is twa jier lyn nommen. "We hiene in brantsje makke, want wy woene it waarm ha. It rûn wat út 'e hân, mar dat heart der by." Op de Feanhoop is neat te gek, sa seit Cornelis fol entûsjasme. "Der is hjir altyd sa'n moaie sfear. It makket net út hoe'tst derút sjochst of watsto dochst: ast it mar nei dyn sin hast."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Moaiste oantinkens

"Myn moaiste oantinken oan it festival is ek twa jier lyn, by it optreden fan De Hûnekop. Dat wie echt moai, dy minsken krigen de hiele tinte mei." Dit jier komt De Hûnekop wer en dêr seach Cornelis al it hiele jier nei út. "Ja ,dat wurdt wer it hichtepunt, tink ik. Dan stean ik fansels wer foaroan."

Cornelis Hoogterp oer syn tiid op it Veenhoop Festival

'Fryslân Fêstlein'

Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)