Nij rekôr by Amerlander Vuurtoren Run: 235 treptreden yn 48 sekonden

29 jul 2019 - 16:59

De edysje 2019 fan de Amerlander Vuurtoren Run hat in nij rekôr opsmiten. De 235 treptreden fan de fjoertoer op it eilân waarden yn in tiid fan 48,06 sekonden beklommen troch Nick van Ingen. It âlde rekord stie op namme fan Klaas Modderman, dy't der yn 2013 goed in sekonde langer oer die.

Winner Nick van Ingen - Foto: Persbureau Ameland

Nick van Ingen is as fakânsjegonger op it eilân. Hy hie net spesjaal traind foar de run, mar hat in goeie kondysje omdat er triatleet is . Hy hie ek gjin spesjale outfit oanlutsen, yn tsjinstelling ta oaren dy't harren bêste rinskuon, sportoutfit en wanten oanlutsen hiene, om mear grip te hawwen op de leuningen.

55 dielnimmers

It wie foar de trettjinde kear dat de Amerlander Vuurtoren Run hâlden waard, mei dit jier 55 dielnimmers. Dy wiene ferdield oer trije kategoryen: manlju, froulju en bern. Ferline jier gie de klim net troch, omdat it dêr doe te hjit foar wie. No wie it mei 22 graden 'goed te dwaan'.

(advertinsje)
(advertinsje)