Rjochter docht freed útspraak oer hurdfarproef Burgumer Mar

29 jul 2019 - 16:19

De rjochtbank docht freed útspraak oer de hurdfarproef op de Burgumer Mar. Dat hat de rjochter moandei sein op it koart pleit. De proef fan de provinsje Fryslân gie op 15 juny los, mar waard ferline wike stillein nei protesten fan natuer- en lânskipsferiening De Wâlden, De Marren.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De feriening seit dat de proef skea oan de natuer feroarsaket en hie dêrom in foarriedige foarsjenning oanfrege. De foarriedige útspraak fan de rjochter betsjutte dat de proef doe stillein waard.

Provinsje baalt

De provinsje baalt dêrfan, makken se moandei yn de Grinzer rjochtbank dúdlik. "Dit geeft ons geen kans om te kijken naar mogelijke schade", seit de advokaat fan de provinsje. "Dat was de reden voor de proef."

Pilot hurdfarren

De pilot hurdfarren fan de provinsje hold yn dat it fan heal juny oant heal septimber tastien wie om hurd te farren op de Burgumer Mar. Dat soe dit jier en takom jier meie.

Dêr wiene lykwols wol in pear betingsten oan ferbûn: allinnich tusken 09.00 oere en 18.00 oere mocht der hurdfard wurde. Gewoanwei meie de boaten maksimaal 9 kilometer yn de oere farre. Mei de proef mochten se yn in spesjale sône hurder as 20 kilometer yn 'e oere.

Provinsje: gjin skea oan de natuer

De provinsje hat it bedriuw Altenburg & Wymenga ûndersyk dwaan litten nei de gefolgen fan it hurdfarren. Konklúzje fan dat ûndersyk wie dat der gjin grutte skea oan de natuer is. Mei it ûndersyk wol Deputearre Steaten foar mear dúdlikheid soargje, omdat men dan better prate kin oer de foar- en neidielen, is de argumintaasje.

Natuerferiening: wol skea oan de natuer

Dêr is natuer- en lânskipsferiening De Wâlden, De Marren it net mei iens. "Er is veel kwetsbare natuur", sizze se. "Het is een gebied van rust en ruimte." Sy krije dêrby stipe fan 23 omwenners, dy't ek tsjin it hurdfarren binne. Neffens de feriening hat it hurdfarren gefolgen foar de libbensfetberens fan de wettergentiaan, in plantsje.

De provinsje seit dat der just hiel goed sjoen wurdt nei wat de gefolgen foar de natuer binne. By de hurdfarproef wurdt rekken hâlden mei de fûgels dy't briede en mei de wetterplanten. De golfslach fan in boat dy't hurd fart, is lyk oan de golfslach fan in stadich farrende flet.

Foar hânhavening op de Burgumer Mar hat de provinsje 70.000 euro útlutsen. Der binne al ferskate prosessen-ferbaal útskreaun. De provinsje hat boppedat sels ek in nije flugge boat kocht.

Yntimidaasjes en bedrigingen

De natuerferiening seit dat se yntimidearre wurdt troch hurdfarders. De foarlûker krijt in protte ferfelende reaksjes. Se seit dat de hurdfarders hiel ticht by plakken komme dêr't stadich fard wurde moat. Dat is behoarlik yntimidearjend, seit se. Se hat ek te krijen mei bedrigings.

Fraach fan de rjochter oan de natuerferiening wie oft der oare plakken wol geskikt wêze soene om hurd te farren. Net op de Burgumer Mar, seit de natuerferiening. In opsje soe de Wide Ie wêze, al sit dêr dan wer in sylskoalle.

Heal om heal

De gemeente Tytsjerksteradiel hat in enkête holden oer wat minsken fine fan de hurdfarproef. Dêr kaam út dat de helte foar is en de oare helte tsjin.

Stikstof

De rjochter frege de provinsje ek noch hoefolle stikstof oft der útstjit wurdt, nei oanlieding fan de PAS-útspraak. Neffens de provinsje is dat no noch dreech om te berekkenjen. It moat noch ûndersocht en útwurke wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)