De Lemmer soeverein foaroan nei gaoatyske silerij by De Feanhoop

29 jul 2019 - 16:20

It skûtsjesilen by De Feanhoop is wûn troch De Lemmer. Foar skipper Albert Visser, dy't it earste startnûmer lotte hie, wie it de twadde deiwinst op rige. "Foarop sile is altyd moai. As je as earste begjinne, dan witte je dat je in grutte kâns ha. It is knap slagge"

It wie in gaoatyske wedstriid, dêr't meardere bemanningsleden by ferwûne rekke binne. De skipper fan Langwar hie bloed oan de knibbel, en in fokkenist fan Wâldsein is mei in speedboat fan board helle, omdat er ferwûne rekke wie oan de holle. It foel ta, en hy koe noch ûnder de wedstriid wer werom oan board brocht wurde.

Mei it earste startnûmer wie De Lemmer as earste fuort út it Grytmansrak. De Heale Moanne wie mei startnûmer 10 ek goed fuort, krekt as Huzum. Dy beide skûtsjes fûnen de wyn oan de wâlskant.

Gribus by de earste tonne

Achter De Lemmer sylden trettjin skûtsjes board oan board nei de ûnderste tonne. De Lemmer kaam dêr frij omhinne, mar dêrachter waard it in gribus.

Hearrenfean wie de tredde dy't om de tonne kaam, achter Akkrum, oer bakboard. De Heale Moanne fear oer stjoerboard by Hearrenfean nei binnen. Earnewâld woe dêrfan profitearje, en stjoerde tusken Hearrenfean en de tonne troch, mar dat paste net. Earnewâld rekke de tonne.

De Lemmer hie frije wyn, en sylde krekt as by de earste wedstriid soeverein foaroan nei de finish. Dêrachter wie de stân fan saken by elke tonne wer oars.

Huzum en Hearrenfean kamen goed út de striid. Huzum sylde de hiele wedstriid achter De Lemmer en Hearrenfean, mar wie as lêste starten, en hoegde dêrom noch minder fier te farren nei it finishbuordsje.

Op de finish skeelde it minder as in minút. Huzum kaam as twadde oer de streek, en Hearrenfean as tredde.

Utslach De Feanhoop

1 De Lemmer
2 Huzum
3 Hearrenfean
4 Akkrum
5 Earnewâld
6 Drachten
7 Heale Moanne
8 Grou
9 Wâldsein
10 Snits
11 Súdwesthoeke
12 Ljouwert
13 De Jouwer
14 Langwar
Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)