Sportcast diel 1: "It is it jier fan de wierheid foar Gerry Hamstra"

29 jul 2019 - 15:51

Eltse wike prate we mei ús sportferslachjouwers oer de ôfrûne sportwike yn ús nije podcast. Wy sjogge benammen werom en foarút nei alles oer fuotbalklups SC Hearrenfean en SC Cambuur. En is der mear nijsgjirrige sport? Dan hearre jim dat ek fan ús. Wy begjinne dizze wike mei Cambuur-watcher Andor Faber en Hearrenfean-watcher Roelof de Vries. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.

Foto: Omrop Fryslân

Sportcast diel 1 op 29 july 2019

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

De earste fraach fan dizze sportcast is fansels hoe't beide fuotbalklups de tarieding op it seizoen úteinsette. SC Hearrenfean begjint dizze snein mei in útwedstriid tsjin Heracles Almelo. Roelof de Vries: "Ferdigenjend is it allegear wol hiel swak. Dêr meitsje ik my echt soargen oer. Floranus komt neffens my te koart. Oanfallend liket it wol better."

Andor fynt dat SC Cambuur goed ynkocht hat: "Ik tink dat se sterker binne as ferline jier. Der binne meardere spilers mei ûnderfining yn de earedifyzje, sa as Sonny Stevens, Calvin Mac-Intosch en Robert Mühren."

Fierder ha wy it oer Michel Vlap, de PC en de Profronde fan Surhústerfean.

Foto: Omrop Fryslân

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast jo eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)