SKS skûtsjesilen 'Meest bekeken' op Ziggo

29 jul 2019 - 15:09

De silerij fan it SKS skûtsjesilen moandei op De Veenhoop wie om trije oere hinne ien fan de bêst besjoene programma's by ynternetprovider Ziggo. Klanten kinne it silen live folgjen fia Ziggo en dogge dat manmachtich.

Foto: Omrop Fryslân

Ziggo is ien fan de providers dy't it silen live útstjoert. Ek omrop Max folget it silen en makket op alle wedstriiddagen in Skûtsjesyl journaal.

(advertinsje)
(advertinsje)