Suvel duorsumer produsearje

melkstâl © Omrop Fryslân
Suvelbedriuw Friesland Campina en Unilever komme tegearre mei in projekt om duorsumer te produsearjen. Doel is om suniger mei enerzjy te wurden, ôffal opnij te brûken en it wolwêzen en de sûnens fan it fee te ferbetterjen.
De kommende tiid wurde mear as hûndert oansletten melkfeebedriuwen beoardiele op de wize fan wurkjen. Dat moat derta liede dat de suvelprodukten hielendal duorsum produsearre wurde. Unilever sil dy suvel dêrnei ynkeapje by Friesland Campina.