Pantera net wolkom yn Anna Paulowna

11 nov 2011 - 11:50

Stichting Pantera is net mear wolkom op Landgoed Hoenderdaell yn Anna Paulowna. Dêr binne ferbliuwen makke foar de rôfbisten. Neffens eigner Peter Kruijff fan Landgoed Hoenderdaell falt der net te ûnderhannelje mei Pantera.

Neffens him mei it lânguod betelje foar de opfang, mar meie se har fierder nearne mei bemuoie. Dêrom binne de bisten fan Pantera net mear wolkom. Sy sille earne oars op syk nei rôfbisten dy't dan in plakje krije kinne op it lânguod. Ferdinand van der Merriënboer fan de stichting Pantera seit dat Hoenderdaell de ûnderhannelings mei sin opblaast om sa sels in fergunning te krijen foar de opfang fan rôfbisten.

Trefwurden: 
Pantera
(advertinsje)
(advertinsje)