KNRM hie in smoardrokke wike mei hite simmerdagen

It wie in drokke wike foar de KNRM lifeguards op de Waadeilannen. Fanwege de hjittens en de waaromslach wie it drok op de strannen en it wetter. Dat soarge ek lanlik foar in pyk yn de helpfragen.
Rêding op it strân fan Flylân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De frijwillige bemanningsleden rukten lanlik mear as 160 kear út om minsken yn need te helpen. Op de Frysk Waadeilannen hienen de KNRM Lifeguards de hannen behoarlik fol. Benammen oan lytse ûngelokken en minsken dy't net goed waarden.

Kennis oer gefaren fan de see ûntbrekt

Fierder moasten der minsken út see helle wurde dy't te fier ôfdreaun wiene. Neffens lifeguard Symen de Jong op Skylge sykje in soad misken ferkuolling en dan giet it ek wolris mis. "Wat wy sjogge is dat minsken de gefaren fan de see net altyd kenne. As de wyn bygelyks ferkeard stiet, dan kinst driuwend op dyn bodyboard of luchtbedsje samar meters fuortdriuwe." Lifeguards waskôgje dizze minksen fan it strân ôf, mar guon binne al fyftich meter út de kust weidreaun." Mar ek as bern fermisse wurdt der fuort trochpakt. "As bern foar it lêst by of yn it wetter sjoen binne, dan komme wy fuort yn aksje."

Needistuaasjes

"Wy hawwe twa wetterscooters ta ús beskikking. Wy farre dêr net previntyf mei op it wetter, mar gripe wol yn at wy sjogge dat eat ferkeard gean kin. Wat opfalt is dat der faker wat oan de hân is en wy skeakelje no ek flotter de KNRM yn by needsituaasjes." Neffens De Jong wurde de lifeguards en de KNRM foar in grutte útdaging steld. "It is in stik hurder wurkje om de kwaliteit te jaan dy't we altiid leverden. Dat komt troch besunigings en dêr binne wy fansels net wiis mei."
Symen de Jong fan de KNRM op Skylge