FIDEO: Skûtsjes stride om twadde deipriis op smelle wetter by De Feanhoop

29 jul 2019 - 15:55

De skûtsjes fan de SKS sile op De Feanhoop de twadde wedstriid fan it kampioenskip. It is dêr sa smel dat der gjin romte is foar in reguliere start. Dêrom wurdt der by De Feanhoop tradisjoneel fan de wâl ôf starten. It is in wedstriid yn in wedstriid: wa hat as earste de seilen omheech?

Sjoch hjirûnder nei de wedstriid op De Feanhoop.

Wa't op De Feanhoop in geunstige start lotte hat, en dêrmei in geunstige útgongsposysje, moat in dei letter by Earnewâld achteroan begjinne. De Lemmer en De Jouwer ha dit jier geunstich lotte by De Feanhoop.

Foto: Martin de Jong Fotografie

De skûtsjes starte op nûmer yn it Grytmansrek. Dêr is ek de finish, ek op nûmer. As dat foar in ûnearlike wedstriid soarget, kin de wedstriidlieding altyd noch kieze foar in tiidsililerij. Dan wurdt der sjoen wa't de totale rûte it fluchste ôflein hat, seit wedstriidlieder Albert de Vries.

Wedstriidlieder Albert de Vries

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
De Feanhoop skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)