FIDEO: Aldste keunstrûte fan it lân bewarret stikken op it húske, want dêr is it koeler

29 jul 2019 - 13:14

Fanwege it waarme waar binne der yn de earste wike minder besikers kaam as oare jierren by de Keunstrûte Iepen Stal yn en om Aldeberkeap. It is de âldste keunstrûte fan it lân.

It is dit jier foar de 48e kear dat ateliers en oare lokaasjes tagonklik makke wurde foar publyk. De organisaasje ferwachtet net op de 10.000 minsken út te kommen, dy't der wol ris west ha.

Ien fan de keunstners dy't har wurk eksposearret, is Martina Hladikova. Har wurk past yn it tema fan Iepen Stal: De Mens wikt...

Iepen Stâl duorret oant en mei 18 augustus. De doarren iepenje middeis om ien oere.

Trefwurden: 
Open Stal keunstrûte
(advertinsje)
(advertinsje)