Twa fearten yn Eaststellingwerf wurde breder makke

Wetterskip Fryslân pakt twa fearten yn Eaststellingwerf oan. It giet om De Boppetsjonger en it Grutdjip. Yn totaal wurdt 11,5 kilometer fan de fearten breder makke, en der komme ek trije fiskpassaazjes yn it Grutdjip.
© Google Street View
It wetterskip docht it wurk tagelyk, omdat sa de lâneigeners der mar ien kear oerlêst fan ha. It wurk begjint yn augustus en duorret oant ein dit jier.
Beide fearten wurde baggere, breder makke en oerstallige grûn giet fuort. De keardamen wurde ek fuorthelle, omdat de fisken der by no trije fan de fjouwer net del kinne.

Better foar it wetterlibben

Troch de fearten breder te meitsjen en fiskpassaazjes oan te lizzen, wurdt de wetterkwaliteit foar it libben yn it wetter ek better, neffens it wetterskip. Om it jier bliuwt der in rige wetterplanten oan ien kant fan de feart te stean.
It projekt wurdt meibetelle troch de Europeeske Uny.