Provinsje: "Fiersten te betiid foar konklúzjes oer Turfrûte"

29 jul 2019 - 12:18

Op basis fan de bekende sifers kinne je hielendal net sizze dat it oantal besikers fan de Turfrûte ôfnimt. Dat seit de provinsje. Neffens de sifes binne der fan 2012 oant 2018 alle jierren mear boatsjeminsken dy't dizze rûte kieze.

Slûs yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart yn Appelskea - Foto: Udo Ockema (Wikipedia, Creative Commons)

Earder sei Albert Hendriks fan toerismeburo Friesland Holland dat der no rûchwei 25 persint minder boaten oer de Turfrûte farre as ferline jier.

Neffens de provinsje giet dat om in foarsizzing op basis fan de sifers fan dit jier oant no ta. En net om in ien-opi-ien yn ferglyk mei 2018. De provinsje seit dat se pas yn septimber sjen kinne oft der echt minder boaten oer de Turfrûte gien binne as yn 2018.

De Turfrûte, yn it súdeasten fan de provinsje, is iepen oant en mei healwei septimber.

Trefwurden: 
Opsterlân Turfrûte
(advertinsje)
(advertinsje)