Holwerters helpe plysje mei efterfolging yn maisfjild

29 jul 2019 - 11:36

Minsken út Holwert ha de plysje holpen by it oanhâlden fan in autobestjoerder. De man hie him ferskûle yn in maisfjild.

Foto: Creative Commons Zero - CC0

Doe't plysjes de auto kontrolearje woene, ried de man hurd fuort, de beboude kom fan Holwert yn. Dêr ferliet er mei in oare ynsetter de auto. De bestjoerder naaide út, in maisfjild yn.

Ynwenners fan it doarp holpen de plysje om it hiele maisfjild ôf te setten. Fan dakken fan auto's ôf sochten se nei de bestjoerder. Dat meldt de plysje.

Efterfolging mei auto's en motors en sa

De man kaam nei tweintich minuten it fjild wer út rinnen, wêrnei't de ynwenners mei auto's, motors en hurdrinnend efter de man oan giene. Ien fan harren hold de man fêst yn it doarp. De plysje koe him dêrnei oanhâlde.

It giet om in 22-jierrige ynwener fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Hy wurdt derfan fertocht dat er riden hat mei alkohol en drugs op.

(advertinsje)
(advertinsje)