Oarlochsmonumint better tagonklik

It oarlochsmonumint oan de provinsjale dyk tusken Wâldsein en Balk wurdt better berikber makke. Dat skriuwt it kolleezje fan deputearre steaten yn reaksje op fragen fan de ChristenUnie yn provinsjale steaten.
De partij wiisde in pear wike lyn op de minne tagonklikens. It monumint leit yn in stik greide en it parkearplak dat it tichtste by leit, is in pear hûndert meter fierderop. Minsken dy't derhinne wolle, moatte troch de berm rinne of in hiel ein om troch de greiden. De provinsje leit in ienfâldich kuierpaad oan troch de berm. Dat rint fan it parkearplak nei it monumint.