Litouwer Arunas Mikalauskas achtste nije spiler foar Aris

29 jul 2019 - 10:36

Basketbalklup Aris út Ljouwert hat syn achtste nije spiler foar it kommende seizoen oanlutsen. It giet om Arunas Mikalauskas, in 21-jierrige forward út Litouwen.

Foto: Aris Ljouwert

Mikalauskas komt oer fan Neptunas, in klup út it Litouske Klaipeda. De forward is 2,04 meter en wie yn 2017 jeugdynternasjonal foar syn lân. It ôfrûne seizoen siet Mikalauskas by de earste seleksje fan Neptunas, dat net allinnich yn de Litouske kompetysje, mar ek yn de Champions League spile.

Merlijn van der Meulen, bestjoerslid technyske saken, is bliid mei de komst fan Mikalauskas: "Hij heeft laten zien een enorm talent te zijn. Bovendien is hij erg veelzijdig. We waren op zoek naar een allround forward die er direct kan staan, hij kan dat perfect invullen en we zijn erg blij dat we hem hebben kunnen vastleggen."

(advertinsje)
(advertinsje)