Wetterskip hat oplossing foar blau-alch, botulisme en stjonkend wetter yn Ljouwert

29 jul 2019 - 12:19

Noch net sa lang lyn gie der yn Ljouwert gjin simmer foarby sûnder meldings fan blau-alch en deade wetterfûgels troch botulisme. Yn dizze rekôrsimmer giet it lykwols knap mei de wetterkwaliteit. Neffens it Wetterskip komt dat foaral omdat it wetter yn de hiele stêd folle better trochstreamt.

Wetterskip Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn juny is de trochstreamrûte foar wetter yn Ljouwert-West oplevere tusken it Van Harinxmakanaal en de Dokkumer Ie. Foaral de wiken Westeinde, Bilgaard en it oangrinzjende Ljouwerter bosk profitearje dêrfan. "Beweging yn it wetter docht fertuten", seit Jeanet Bijleveld fan it Wetterskip. "It is better foar fisken en fûgels."

Jeanet Bijleveld fan Wetterskip Fryslân

Mei in ynlaat by de Slauerhoffbrêge en in dûker ûnder de Poptawei is de wyk Westeinde oansletten op de Fryske boezem.

Minsken hiene dêr simmerdeis lêst fan stjonkend wetter en deade wetterfûgels, mar tanksij it nije trochstream-sirkwy tusken it Van Harinxmakanaal en de Dokkumer Ie is it wetter dêr no sa skjin dat je der wol yn swimme kinne, seit Lieuwe Tamminga fan Wykbelang Westeinde.

Lieuwe Tamminga fan Wykbelang Westeinde

It ynrjochtsjen fan in swimlokaasje by in boarterstún stiet no op de winskelist fan it wykbelang, mar de gemeente is der noch net fan oertsjûge dat soks ek echt kin yn Westeinde. Foar offisjele gegevens oer de bettere wetterkwaliteit is it noch te betiid, mar neffens Tamminga is de earste yndruk wol goed.

In gemaaltsje oan de râne fan Westeinde soarget derfoar dat it wetter yn beweging bliuwt en trochstreamt nei Bilgaard en it Ljouwerter bosk.

Wetterskip en gemeente binne ek dwaande om it reinwetter fan daken fan huzen en flats ôf safolle mooglik ôf te fieren op sleatten en fivers. Dan soe de rioelearring minder gau oerstreame by swiere reinbuien. It oerflaktewetter wurdt dan minder fersmoarge.

(advertinsje)
(advertinsje)