Bûtlân komt wer werom by De Leien

By De Leien ûnder De Rottefalle is it wurk úteinsetten om de Bildpolder benammen winterdeis wieter te meitsjen. De polder wie lykas folle gruttere parten fan Fryslân saneamd bûtlân, dat winterdeis ûnderstrûpte, wêrnei't it stadichoan wer opdrûge. No't der eins gjin ferskil is tusken winter- en simmerpeil, binne dat soarte greiden ferdwûn.
De Bildpolder © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Allinnich troch in dyk om de polder hinne te setten, kin dêrbinnen no in wetterpeil tydlik ferhege wurde.

Ferlet fan mear wiet lân

Yn dizze drûgere tiden hat behearder Staatsbosbeheer wol ferlet fan mear wiet lân en Wetterskip Fryslân kin it goed brûke foar wetterberging. Mar sa'n soarte fan bûtlân smyt ek in rikere natuer op. De djerreblommen dogge it dan bygelyks folle better, mar der komt ek mear wetterwyld op ôf.
Deselde oanpak soe yn mear polders ynset wurde kinne oan de oare kan fan de Lits, seit Staatsbosbehear. Dêr binne stikken lân yn it ramt fan Natuer mei de Mienskip troch de provinsje ornearre as pilotprojekten.