Fryske delegaasje hâldt generale repetysje foar de Canal Pride yn Amsterdam

29 jul 2019 - 09:55

Fryslân is oankommende sneon de iennichste Nederlânske provinsje mei in eigen skip yn de jierlikse Canal Pride yn Amsterdam. Foar it earst sûnt 2008 is Fryslân wer fan de partij.

No is dy Canal Pride tsjintwurdich sa populêr, dat je allinnich mar meifarre meie as de oanklaaiïng en de act op it skip orizjineel genôch is en dat betsjut dat der snein in generale repetysje wie yn Wurdum. De dûns oan board fan it skûtsje komt krekt, omdat de dûnsers net folle romte hawwe en op tiid foar de 32 brêgen troch de knibbels moatte. De dûnsers hâlde allegearre in puzelstik fêst, dy't mei-inoar in pompeblêd foarmje.

Emansipaasje begûn yn New York

Foar op it skip stiet inisjatyfnimmer Andries Seefat fan de feriening ProGay Ljouwert. Hy wurdt oanklaaid as libben frijheidsbyld. Njonken him komme ûntwerper Moniek Miedema en har twillingsuster Norma as twa fredesdowen mei grutte wjukken. New York is in wichtich tema by de Canal Pride, omdat de emansipaasje fan homo's dêr fyftich jier lyn op gong kaam.

Dielnimster oan de Canal Pride past har pompeblêdehoed - Foto: Omrop Fryslân

Ik fyn it hiel wichtich dat we sichtber binne.

Andries Seefat, ProGay Ljouwert

Foar it gefoel fan Miedema slút dy frijheid goed oan by de Fryske frijheid. "Frijheid betsjut foar my dat je wêze kinne wa't je binne." De realiteit is dat krekt dy frijheid noch hieltyd net fanselssprekkend is, seit ek Seefat. "It is krekt of is dat hjir noch wat ûnderûntwikkele. Ik fyn it hiel wichtich dat we sichtber binne."

Primetime foar Fryslân

De organisaasje yn Amsterdam is der wakker oer te sprekken dat der foar it earst yn alve jier wer in Frysk skûtsje meifart. Fryslân is dêrmei unyk, want net ien oare Nederlânske provinsje hat in eigen boat. It hat de inisjatyfnimmers in hiel moai plak opsmiten yn de parade; it Fryske skûtsje is de 35e yn de lange optocht fan mei-inoar 80 skippen. "Je kinne dat wol echt primetime neame", seit Seefat glunderjend. No't de troch Miedema makke kostúms past binne en de dûnsact oefene is, begjint it ôftellen nei de grutte dei.

De hoed fan it libbene frijheidsbyld - Foto: Omrop Fryslân

Der farre no sneon gjin Fryske bestjoerders mei yn de foarm fan in kommissaris, boargemaster of wethâlder. Ljouwert is noch yn ôfwachting fan de komst fan de nije boargemaster en wethâlder Sjoerd Feitsma en kommissaris Arno Brok wiene behindere. "We hawwe se miskien ek wol te let benadere", seit Miedema, "mar it is wol spitich."

Andries Seefat en Moniek Miedema oer de Canal Pride

Te sjen by de rippetysje foar de Canal Pride yn Wurdum - Foto: Omrop Fryslân

Yn Wurdum wurdt de generale repetysje ôfbrutsen troch in stevige reinbui. De pompeblêd-puzelstikjes wurde gau yn hûs brocht, want dy moatte goed bliuwe foar de grutte dei. Bûtendoar is even letter in grutte reinbôge te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)