Kollum: "Hâld fol, âlde"

"Hjoed is de lêste dei fan it Veenhoop Festival, it âldste festival fan Nederlân. En it moaiste, doar ik der wol by te sizzen. Dêr tinkt lykwols net elkenien sa oer. As ik fertel dat ik al jierren nei de Veenhoop gean, dan sjogge minsken my faak nuver oan. "Dy sûperij mei al dy aso's: giesto dêr hinne?" Dat is de earste reaksje dy't ik faak krij. En dat is skande, want neat is minder wier.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Typ op Google de trefwurden 'Veenhoop Festival' yn en wurdst traktearre op filmkes fol mei sûpende en feestende besikers, grutte feestboaten fol muzyk en folop fertier op it feestterrein. It liket wol oft alles kin en mei. En dat is ek sa. Mar net álles kin fansels.
Ferline jier kaam it Veenhoop Festival yn it nijs fanwege it heakkekrús dat mei graffity op it gers fan it festivalterrein spuite wie. Hiel Nederlân dondere oer de festivalorganisaasje hinne. Dit koe echt net. It wie it bewiis dat it festival fol siet mei tokkies, mei aso's en mei 'neo-nazi's', sa't de dieders op social media neamd waarden. Dizze ûnnoazele aksje fernielde it hiele imago fan de Veenhoop.
As der ien festival is dat just gastfrij is en dêr'tst hielendal dysels wêze kinst en meist, dan is dat wol it Veenhoop Festival. Mar troch dit soart aksjes fan in pear útsûnderingen op de regel komme der barsten yn it festivalimago. Minsken dy't dochs al negatyf oer de Veenhoop binne, sjogge dit as in befêstiging dat it Veenhoop Festival in feest foar aso's is. In feest dêr't harren bern noait hinne meie.
En dat is skande. Want eins soe elkenien ris op it Veenhoop Festival komme moatte. Om te sjen hoe't hiel Fryslân út syn dak giet. Hoe't der mei elkoar proast wurdt op de simmerfakânsje. Hoe't der fan in âld bankstel sjoen wurdt nei it skûtsjesilen, mei in fleske bier yn 'e hân. Hoe't jong en âld tegearre genietsje fan de muzyk en de sfear. Dat is Fryslân op syn moaist.
Dêr passe gjin heakkekrusen by. Gjin misledigjende teksten út grutte lûdsboksen. Gjin fernielings op it festivalterrein. Sokke aksjes dogge ôfbreuk oan in festival dat it just ha moat fan syn iepenens om dysels te wêzen, mei respekt foar in oar. Dêr't pake mei syn pakesizzers op sneintemiddei in blokje troch de tinte giet. Dêr'tst t-shirts tsjinkomst mei de meast prachtige teksten. En dêr'tst oan 'e ein fan 'e jûn altyd wer nei hûs giest mei krekt wat te folle bier op.
Tiden hawwe tiden. Tradysjes feroarje, krektlyk as de regels. Mar ik hoopje dat it Veenhoop Festival net oan syn eigen sukses ten ûnder giet. Dat alles kin, hoecht net te betsjutten dat alles ek moat. Want dan kin it âldste festival fan Nederlân it noch wolris swier krije op syn âlde dei. Sa fier moatte wy it net komme litte. Hâld fol, âlde."