Douwe Amels fan Drachten mei oermacht Nederlânsk kampioen heechspringen

Atleet Douwe Amels fan Drachten is Nederlânsk kampioen heechspringen wurden. Op it NK altetyk yn Den Haach sprong er 2,23 meter.
Douwe Amels © www.orange-pictures.nl
By de earste sprong fan Amels lei de latte op 2,11 meter. Foar de measte oare atleten wie dat al te heech. Allinne Sven van Merode en Marius Wouters kamen dêr oerhinne. Van Merode sprong úteinlik 2,14 meter, en Wouters 2,11.