FIDEO: Sa sylt Earnewâld de gaffel fan Akkrum midstwa

It duorret noch in wike foardat dúdlik wurdt hoe't de officiële útslach is fan de earste wedstriid fan it skûtsjesilen. De sylried fan de SKS moat yn heger berop útspraak dwaan yn twa protestsitewaasjes. By ien fan dy sitewaasjes rekke de gaffel fan Akkrum midstwa.
Oanfarring tusken Earnewâld en Akkrum op de Wide Ie
Akkrum hat nei de oanfarring it wedstriidwetter mei averij ferlitten. Neffens de sjuery fan de SKS soe Earnewâld ferkeard west ha, en dêrom krijt Akkrum it gemiddelde oantal punten fan de oare wedstriden.
Earnewâld krijt 14 strafpunten. De skipper is tsjin dy útspraak yn berop gien. De sylried fan de SKS nimt dat berop yn behanneling, krekt as it berop dat Drachten oantekene hat tsjin de útspraak fan de sjuery yn in protest dat Drachten ferlear fan de Súdwesthoeke. Ien fan beide skippen soe gjin romte foar de wâl jûn ha.
Yn beide gefallen docht de sylried fan de SKS útspraak foarôfgeand oan de wedstriid by Wâldsein. Dy is op moandei 5 augustus.