Kruijswijk, Nibali en Bardet ride profronde fan Surhústerfean

28 jul 2019 - 16:56

Steven Kruijswijk, Vincenzo Nibali en de winner fan de bolletrui Romain Bardet steane tiisdei oan de start fan de profronde yn Surhústerfean. Dat meldt de organisaasje.

Steven Kruijswijk - Foto: ANP

"Op de lêste dei fan de Tour binne we it iens wurden mei de mannen", seit Erik Jager fan de organisaasje. "Dêr binne we tige wiis mei."

"Mei Kruiswijk ha we de nûmer trije fan it klassemint op de dielnimmerslist. De Italiaan Nibali, dy't earder de Tour en de Giro wûn, wûn de ien-nei-lêste etappe, en de Frânsman Bardet pakte de bolletrui. In moai ynternasjonaal selskip."

Spanning soarget foar lette kontrakten

De Tour wie dit jier hiel spannend, seit Jager. "Pas op de ien-nei-lêste dei waard it klassemint opmakke, en doe pas koene we de riders in kontrakt oanbiede.

Yn totaal starte der njoggen Tourriders yn Surhústerfean. Earder waard al dúdlik dat de winner fan de earste etappe, Mike Teunissen, komme soe.

Bauke Mollema, Wout Poels, Dylan van Baarle, Koen de Kort, en de Ier Nicolas Roche komme ek.

Pieter Weening en Tom-Jelte Slagter ha de Tour dit jier net riden, mar se starte wol yn Surhústerfean.

Foarôfgeand oan de start fan de profronde sille de Tourriders tiisdei huldige wurde.

Trefwurden: 
Profronde Surhústerfean
(advertinsje)
(advertinsje)