Michel Vlap skoart earste doelpunt yn debútwedstriid by Anderlecht

28 jul 2019 - 16:29

De Snitser fuotballer Michel Vlap hat syn earste doelpunt skoard foar de Belgyske klup Anderlecht. It wie net genôch foar de winst. Anderlecht ferlear de earste kompetysjewedstriid fan it jier mei 2-1 fan Oostende.

Michel Vlap - Foto: www.orangepictures.com

Vlap (22) hat 17 jier lang by Hearrenfean spile. Dit seizoen spilet er foar it earst by Anderlecht. SC Hearrenfean hat sa'n acht miljoen euro foar him krigen. Dat bedrach kin sels noch wat oprinne as Vlap goed prestearret by Anderlecht.

Doe't de Belgyske klup him presintearre, glimke Vlap fan ear ta ear.

Trefwurden: 
fuotbal Michel Vlap
(Advertinsje)
(Advertinsje)