Buro de Vries op besite yn it brûzjende Aldeboarn

28 jul 2019 - 13:31

Aldeboarn brûst as in âlde boarne. It doarp mei 1.450 ynwenners is benammen bekend fan de jierlikse Gondelfeart ein augustus, mar hat folle mear te bieden. Der is in ynbringwinkel foar it goede doel, in sloeproeiferiening, in âldheidskeamer en der wurdt wurke oan de takomst mei keunst en it upgraden fan guon gebouwen.

Aldeboarn is boud op in boarne, in wel. Neffens de oerlevering soe Bonifatius, foardat hy úteinlik yn Dokkum fermoarde waard, yn Aldeboarn west hawwe om minsken ta it leauwen te bekearen. Hy soe der ek minsken doopt hawwe.

Yn 1985 waard yn de Doelhoftsjerke in put ûntdutsen. De pleatslike timmerman foel der hast yn. Mar hoe djip de put is, is net bekend. De boel iepenbrekke mei net. Dat kin allinnich as der saken stikken binne of as der ferboud wurde moat en dat is net it gefal yn de tsjerke.

Universiteit Twente hat lykwols nije metoaden ûntwikkele om sûnder de flier derút te heljen ûndersyk te dwaan nei bygelyks de djipte fan de put. Yn septimber sil dat ûndersyk plakfine.

Neffens pleatslik skiedkundige Lykle van der Ven is dat tige nijsgjirrich. Van der Ven wit in soad fan de skiednis. Lykas Hans Brandsma. De mannen beheare de âldheidskeamer, in lyts museum oer de skiednis fan Aldeboarn. Op dit stuit wurdt alle ynformaasje digitalisearre.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De skiednis fan Aldeboarn

Ynbringwinkel foar it goede doel

Kringloopwinkels fine we meastentiids yn gruttere stêden, mar Aldeboarn hat ek in ynbringwinkel, Doarpsbewenner Geke Haspels beheart de saak, dêr't it bettere twaddehânsk guod te krijen is. It jild dat dat opsmyt, giet nei goede doelen. Geke hat sels in stichting: Thalente, wêrmei't se har ynset foar bern yn Súd-Afrika en Roemenië.

As der oare saken binne dêr't Boarnsters harren foar ynsette dan taast Geke ek yn de bûse út de ynbringwinkel. It is trouwens net allinnich mar in winkel. Middeis is it faaks in oanrin fan doarpsbewenners. Se prate dan efkes by en krije in bakje tee. Op dy wize hat de winkel ek in sosjale funksje.

Geke Haspels oer har ynbringwinkel

Keunst ûnder de brêge

De brêge oer de Boarn is behoarlik opknapt. Sawol de dyk as de ûnderkant hawwe in grutte renovaasje hân. En wa't der del fytst of fart kin wol efkes stilhâlde, want de brêge is hielendal foarsjoen fan keunstskilderingen (graffity).

Op inisjatyf fan ien fan de jonge ynwenners fan Aldeboarn, Ingrid Riemersma is dit dien. Mei de gondelfeart komme de gondels ek ûnder de brêge troch en it wie net om oan te sjen neffens Ingrid en Douwe Beimin, dy't har holpen hat mei it plan.

Nei twa jier tarieding is der no graffity oanbrocht mei allerhande eleminten dy't mei Boarn te krijen hawwe. De natoer, mar ek reedrider Jorrit Bergsma binne te bewûnderjen ûnder de brêge.

Ingrid Riemersma en Douwe Beimin oer it projekt

It nije medium

Ien fan de âldste skoalgebouwen fan Fryslân (neffens de Boarnsters sels it âldste) stiet der op dit stuit swier fertuteaze by. Mar dêr komt feroaring yn. Op bysûndere wize hat it doarp yn gearwurking mei de gemeente Hearrenfean in priisfraach útskreaun en minsken frege om in plan te meitsjen foar it gebou. Dejinge mei it bêste plan krijt it pân.

De lokkigen binne Gert Jan Groenewoud en Tessa Odijk. Sy hiene it bêste plan en wûnen de pitch. It jonge stel wol fan it âld skoalgebou in wenhûs meitsje mei ek wurkromte en in stikje kultureel sintrum.

Tessa is muzikant. Se wol graach muzikale aktiviteiten ûntploaie mei it doarp. Gert Jan is arsjitekt. Hy wol syn buro fêstigje yn it gebou. Ein augustus krije se de kaai en dan wurdt it hurd wurkjen om it gebou wenryp te meitsjen. Se hoopje it yn twa jier klear te hawwen.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Gert Jan Groenewoud oer syn plannen mei it Medium

Sloeproeie

De sloeproeiers fan de Aldeboarnster klup Trewes roeie sûnt 1992. De oarsprong leit yn it toulûken. Foar 100 gûne waard in âld wrek kocht yn 1992. Letter die bliken dat de sloep in âld keapfardijskipke wie. Mei in budzjet fan 500 gûne waard it opknapt en doe koe de roeikarriere begjinne.

De alderearste wedstriid wie de Grachtenrace Amsterdam. De Trewes 1 wie de earste sloep, mar de float is yntusken útwreide nei 3 sloepen. Dêrfan is der ien frouljussloep, de Trewes 3.

Foar wa't it net wit, Trewes betsjut 'wille' en 'geselligens', mar de roeiers gean ek altyd foar it bêste resultaat. Se binne útgroeid nei in klup dy't yn de boppe-ein fan it klassemint mei roeit. In soad Boarnsters roeie der lykwols net mear yn.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De froulju fan roeiteam Trewes 3

Wa leit dêr?

Oft it oan de emansipatoaryske ynboarst fan de Boarnsters leit, is net bekend, mar de âld haadredakteur fan feministysk tiidskrift Opzij komt fan Aldeboarn. Cisca Dresselhuys hat har roots yn it doarp. As famke wenne se yn Boarn en har pake en beppe lizze begroeven op it hôf by de tsjerke.

Op it oare hôf lizze de earste eigners fan it kafee Moeke de Bruin. De namme fan it kafee komt fan it feit dat de eigener syn frou altyd 'moeke' neamde.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Wa leit dêr?

Gondelfeart sit yn it DNA

De gondelfeart is alle jierren ien fan de hichtepunten foar it doarp. Mear as 10.000 minsken komme ôf op it evenemint dat ein augustus plakfynt. It is in hiel o heden foar de doarpsbewenners, want in gondel is net samar klear. Guon strjitten binne al in healjier fan te foaren oan de gong om de gondel te betinken en dêrnei te meitsjen.

Dat dogge se mei in soad wille en it hat ek in binende faktor. Minsken dogge wat mei elkoar en wurkje ta nei in moai resultaat. Opfallend is wol dat der in soad grize kopkes ûnder de bouwers sitte. Dat is noch gjin probleem, mar de jongeren moatte it wol oppakke, oars wurdt it yn de takomst dreech noch in goeie gondelfeart te organisearjen sizze guon bouwers.

De gondelbouwers fan Taco's Each

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Live op it terras van café De Post oan it Doelhôf kamen de Boarnsjogers mei in muzikale bydrage. Der sit noch genôch muzyk yn it doarp, sa die bliken!

De Boarnsjongers live yn Aldeboarn

Trefwurden: 
Buro de Vries Aldeboarn
(advertinsje)
(advertinsje)