UPDATE: Ketelbrêge wer nei ûnderen en tagonklik foar ferkear

Minsken dy't snein fan of nei Fryslân ride woene fia de A6, moasten omride. De Ketelbrêge stie fan de ein fan de moarn ôf iepen en woe net mear ticht. Oan beide kanten fan it wetter stiene lange files. Oft it ferkear no wer op gong komt, is noch net bekend.
It wie neffens Rykswettersteat net dúdlik hoelang't it duorje soe foardat de problemen oplost wiene.
Op Twitter melden minsken dat guon bestjoerders libbensgefaarlike manoeuvres úthellen, lykas keare op de flechtstripe of werom ride. Ek soene der minsken spûkride.