Partoer Marten Bergsma wint 'generale repetysje foar PC' yn Arum

28 jul 2019 - 17:35

It partoer fan Marten Bergsma hat de 'generale repetysje foar de PC' wûn. Yn de finale fan it haadklasse-keatsen yn Arum fersloech Bergsma mei Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar it partoer fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. It waard 5-1 en 6-4.

Sjoch hjir nei it lêste earst fan de partij.

Hans Wassenaar waard kening, mar Marten Bergsma hearste oan de opslach. Syn partoer is de lêste wiken yn foarm, en Bergsma spilet dêr in belangrike rol yn. "It giet goed. We binne min begûn oan it seizoen, mar de lêste wiken sjoge we dat we by de bêsten hearre."

Dylan Drent wie dúdlik nei ôfrin fan de partij. "Se wiene better. We ha sels net in protte flaters makke." Oer de PC is Drent ek frij dúdlik. "Ik tink dat der gjin favoryt is. Neffens my binne der wol fiif partoeren dy't winne kinne."

It favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra waard yn de earste omloop ferrassend útskeakele troch Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong.

By de froulju wûn it partoer fan Nynke Sybrandy, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra de finale mei 5-4 en 6-2 fan Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma. De tredde priis wie foar it partoer fan Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol.

De winners yn Arum - Foto: Henk Bootsma
Trefwurden: 
keatsen haadklasse PC Arum
(advertinsje)
(advertinsje)