Sander Arends wint challengertoernoai yn Tampere

Ljouwerter tennisser Sander Arends hat de finale fan it challengertoernoai yn Tampere, Finlân wûn mei 6-0 en 6-2. It is de earste toernoaiwinst foar Arends sûnt er tegearre spilet mei syn dûbeldmaat David Pel. Se namen it op tsjin it Russyske duo Ivan Nedelko en Alexander Zhurbin.
© www.orange-pictures.nl
Arends en Pel wûnen sneon, yn de heale finale, fan de Finnen Harri Heliövaara en Patrik Niklas-Salminen, wêrmei't se harren plakje yn de finale bemachtigen.
Yn de finale hie it Nederlânske duo al gau de oerhân en it spul wie dan ek samar dien. In soad tiid om de winst te fieren hat Arends net, want hy springt fuort wer op it fleantúch nei it toernoai fan Segovia yn Spanje.

Top-100

Sander Arends wie troch it finaleplak nei plak 100 op de ATP-ranglist klommen. No't er it toernoai wûn hat, komt er op it 98e plak.