Frou lit hûnen achter yn hite auto yn Ljouwert

28 jul 2019 - 09:27

De plysje krige sneontemiddei, op it hjitst fan de dei, in melding dat der twa hûnen opsletten sieten yn in auto. Aginten troffen de bistjes oan yn it gleonhite fehikel. Se sloegen de ruten fan de auto yn om de hûnen te befrijen. Dy waarden kuolle en makken it dêrnei wer goed.

Dit plysje-uniform wurdt woansdei oanbean oan de keamerkommisje - Foto: Omrop Fryslân

De eigeneres út Purmerend wie mei in famyljelid op de earste help fan it MCL, en skrok bot doe't se weromkaam by de auto. Se sei dat se de hûnen glêd fergetten wie.

De plysje hâlde rekken mei de sitewaasje en joech de frou in earnstige warskôging.

Trefwurden: 
hûn waarmte auto
(advertinsje)
(advertinsje)