Grouster spuitet agressive wyldpissers wiet mei túnslang en rekket ferwûne

In frou út Grou is yn de nacht fan sneon op snein ferwûne rekke, omdat se in groepke wyldpissers besocht fuort te jeien. De plysje siket tsjûgen.
© Google Street View
De frou hearde in groepke jonges en famkes wyldpisjen yn de steech by it kategisaasjelokaal yn it doarp. Se rôp nei de jongerein dat se dêrmei ophâlde moasten, mar dy hiene in grutte mûle en seiden dat de frou har der net mei bemuoie moast.
Se wie op dat stuit har tún oan it sproeien en rjochte de túnslang op it groepke wyldpissers. Ien fan harren besocht de slang fan har ôf te pakken, wêrnei't de frou op de grûn foel. Se waard noch in stik oer de tegels meiskuord. De frou rekke dêrby ferwûne oan har finger, earmtakke en knibbel.
De frou hat oanjefte dien fan it ynsidint. De plysje siket op dit stuit tsjûgen fan it barren.