Dronken bestjoerder klapt op beam op De Gordyk

Op de Haadstrjitte op 'e Gordyk is sneontejûn, krekt foar middernacht, in auto tsjin in beam botst. De bestjoerder hie nei alle gedachten te djip yn it gleske sjoen.
© SrFotografie
De automobilist ried yn de Haadstrjitte earst tsjin in peal, wêrtroch't de auto lansearre waard en ta stilstân kaam tsjin in beam.
De plysje en twa ambulânses kamen op it ûngelok ôf. Ek de brânwacht waard oproppen, mar doe't bliken die dat de man net beknipe siet, waard dy annulearre. De bestjoerder waard troch omstanners út de auto helle.

Holwûne

De auto rekke flink skansearre en is meinaam troch in bergingsbedriuw. De bestjoerder, dy't mooglik ûnder ynfloed wie, is mei in holwûne nei it sikehûs fan Grins brocht. It rydbewiis fan de persoan is troch de plysje ynfoardere. Oft de bestjoerder ek arrestearre is, is net bekend.
By it ûngelok wiene gjin oare persoanen belutsen.