Arends mei finaleplak yn Tampere werom yn top-100

27 jul 2019 - 22:11

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat him mei syn dûbeldmaat David Pel pleatst foar de finale fan it challengertoernoai yn Tampere, Finlân. Yn de heale finale fan it toernoai op gravel wiene se te sterk foar de Finnen Harri Heliövaara en Patrik Niklas-Salminen.

Sander Arends (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

Arends en Pel binne as earste pleatst op it toernoai yn Finlân. Dat meitsje se oant no ta wier, al gie it net hiel ienfâldich tsjin Heliövaara en Niklas-Salminen. De earste set gie mei in tiebreak (7-3) nei de Nederlanners, mar de Finnen pakten de twadde set mei 6-4.

Yn de supertiebreak wiene Arends en Pel wol oppermachtich: winst mei 10-1 en dêrmei is in plak yn de finale in feit.

Ek winst op Amearikanen en Skandinaviërs

Earder dizze wike wiene Arends en Pel al yn twa sets te sterk foar de Amearikanen Hunter en Yates Johnson en foar Tuna Altuna (Noarwegen) en Markus Eriksson (Sweden).

Yn de finale nimme Arends en Pel it snein op tsjin it Russyske duo Ivan Nedelko en Alexander Zhurbin.

Werom yn top-100

Sander Arends is troch it finaleplak klom nei plak 100 op de ATP-ranglist. As se it toernoai winne, dan klimt er nei it 98e plak.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis Tampere
(advertinsje)
(advertinsje)