SC Hearrenfean wint mei lyts ferskil by Sunderland

27 jul 2019 - 21:56

Sportklup Hearrenfean hat sneon de lêste oefenwedstriid foar it begjin fan de kompetysje wûn. Yn Ingelân wie de ploech fan Johnny Jansen mei 1-0 te sterk foar Sunderland, dat op it tredde Ingelske nivo spilet.

Hicham Faik (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de earste helte gie it spul lykop. Rodney Kongolo besocht it in kear fan grutte ôfstân, mar syn skot gie njonken de goal fan Sunderland. De thúsklup waard dêrnei ek twa kear gefaarlik, mar Sherel Floranus en Warner Hahn foarkamen in tsjingoal. Echt grutte kânsen wiene der fierder net, nettsjinsteande in pear aardige oanfallen.

Nei it skoft brocht Johnny Jansen de nij oanlutsen Sven Botman oan. De ferdigener, dy't hierd wurdt fan Ajax, hat him freed by de seleksje oansletten.

Blessuere Høegh

Botman syn kollega efteryn, Daniel Høegh, wie betiid yn de twadde helte ticht by in treffer. Syn kopbal út in corner gie krekt njonken. Dat wie ek ien fan de lêste aksjes fan de Deen, dy't blessearre rekke. It liket in swiere blessuere te wêzen.

Sûnder Høegh kaam Hearrenfean wol op foarsprong. Hicham Faik helle út fan grutte ôfstân en skeat de bal strak yn de krusing. Dat bliek de winnende treffer te wêzen. Conor McLaughlin rekke noch wol de peal foar Sunderland, mar de Friezen holden stân: 0-1.

Lêste oefenwedstriid

It wie de lêste oefenwedstriid fan SC Hearrenfean fan de start fan de kompetysje. De Friezen begjinne de kompetysje op snein 4 augustus mei in útwedstriid tsjin Heracles Almelo.

Spesjaal tenu

SC Hearrenfean en Sunderland spilen beide mei tekst op it shirt om omtinken te freegjen foar bern mei kanker. By de Feansters stie 'KiKa' op it boarst. KiKa siket fûnsen foar ûndersyk nei bernekanker. De thúsklup hie 'Children With Cancer' op it shirt stean, dat ek jild ophellet foar ûndersyk nei kanker by bern.

(advertinsje)
(advertinsje)