SKS-float yn it spier foar de foundation fan Maarten van der Weijden

27 jul 2019 - 21:19

Gerhard Pietersma sil syn skûtsje beskikber stelle om jild yn te sammeljen foar de Maarten van der Weijden Foundation. Dat sei de skipper fan Earnewâld sneontemoarn foardat de earste wedstriid fan de SKS starte. Pietersma hat in broer ferlern oan kanker, de sykte dêr't de stichting fan Van der Weijden jild foar ynsammelet. De skûtsjes fan Drachten, Huzum en De Jouwer hawwe al tasein mei te dwaan oan it inisjatyf fan Pietersma.

Foto: Omrop Fryslân

"Wij bieden Maarten aan om volgend jaar voorjaar ons skûtsje te verhuren op het Snitser Mar", begjint Pietersma te fertellen. "Dat doen wij geheel belangeloos. Drie jaar geleden hebben wij het ook gedaan. Ik heb een broer verloren en ditzelfde initiatief hebben wij toen gedaan op het skûtsje waar hij op zeilde. Dat leverde toen 30.000 euro op."

Pietersma hopet dat it net bliuwt by de fjouwer neamde skûtsjes. "Ik hoop dat ze alle veertien komen. Dat we dan veel geld ophalen voor die vreselijke ziekte, die Maarten gelukkig overwonnen heeft, maar de meeste mensen niet overwinnen."

Emoasje by Pietersma

As Pietersma frege wurdt nei de ympakt fan it ferstjerren fan syn broer, brekt de skûtsjeskipper. "Heel veel", seit er. "Het is gewoon vreselijk. Ik heb altijd met hem gezeild. Hij was altijd bij mij. Je ziet iemand helemaal aftakelen. Dat is niet leuk."

Maarten van der Weijden fynt de oanlieding fan it inisjatyf freeslik. "Ik heb het in mijn nabije omgeving ook gezien, bij mensen in het ziekenhuis." Mar de langeôfstânswimmer sjocht ek dat der minsken binne dy't foar de sike minsken yn it spier binne. "Ik vind het fijn om te zeggen dat ik geluk heb gehad, veel mensen hebben dat geluk niet, maar ik wil iets doen."

"Gelukkig zijn er dan mensen die zeggen: 'ik wil iets doen en een skûtsje beschikbaar stellen om daar geld mee in te zamelen' en dat samen te doen. Ik denk dat dat iets heel moois is. Dat je uit iets vreselijks en uit verdriet samen iets kunt doen waardoor het wat draaglijker wordt."

(advertinsje)
(advertinsje)