Thewis Hobma ljept it fierst op Nasjonale Fierljep Manifestaasje

Thewis Hobma hat sneontejûn de Nasjonale Fierljep Manifestaasje wûn. Syn 20,49 meter wie goed foar de oerwinning op It Heidenskip. Hy bleau Sytse Bokma fan Hylpen en de Utrechter Rian Baas foar.
Thewis Hobma oer NFM
Hobma sette yn de finale in knappe searje del, wêrfan't 20,49 meter dus de bêste wie. Dat wie syn earste sprong fan de jûn.
Dêrnei sette er noch ôfstannen del fan respektyflik 19,80, 20,40 en 19,83 meter. Bokma syn bêste sprong wie 20,30 meter, Rian Baas kaam ta 20,20 meter.
© Martin de Jong Fotografie
Nederlânsk rekôrhâlder Jaco de Groot bleau stekken op 19,92 meter. Dêrmei einige er as fjirde. Bart Helmholt, al trije jier mei pensjoen, die ek mei op It Heidenskip. Hy waard knap sechsde. Syn bêste sprong wie 19,62 meter.

Junioaren

By de junioaren wie de oerwinning foar in Hollanner: Reinier Overbeek út Benschop (Utrecht) ljepte nei in knappe 20,40 meter. Dat is behalve in nij PR ek in nij skânsrekôr. It twadde plak wie foar Chris Anker út Vlist, mei 18,88 meter. Jos Bethlehem fan Drylts is de iennige Fries op it poadium: hy ljepte nei 18,05 meter.
Rutger Haanstra oer NFM

Jonges

Rutger Haanstra ljepte in thúswedstriid en dat die er knap: syn 18,15 meter wie goed foar it earste plak. Riemer Durk Krol fan Heech waard twadde mei 16,98 meter en it tredde plak gie nei Guus Hoogland út Montfoort (16,43).
Femke Rispens oer de NFM

Froulju

By de froulju gie de oerwinning nei de provinsje Utrecht: Dymphia Baas-van Rooijen út Oudewater ljepte nei 16,05 meter. Dêrmei bleau se Marrit van der Wal, dy't oardel wike lyn noch in Nederlânsk rekôr ljepte, foar. De hâldster fan it skânsrekôr kaam no net fierder as 15,33 meter. Wendy Helmes út IJsselstein waard tredde mei 14,84 meter.

Famkes

Femke Rispens wie al foar har lêste sprong wis fan de oerwinning by de famkes. Har bêste ôfstân wie 14,84 meter. Dy sette se del yn har tredde finalesprong. Inger Haanstra fan It Heidenskip waard kreas twadde mei in PR fan 13,67 meter. Lisse van der Knaap út Drylts ljepte mei 13,56 meter nei it tredde plak.
De Nasjonale Fierljep Manifestaasje (NFM) wûrdt sneon foar de 31e kear yn It Heidenskip organisearre. It is in wedstriid foar elkenien dy't meidwaan wol, sawol top as rekreatyf. Fia pleatsingrondes kinne de dielnimmers har kwalifisearje foar de finale. De NFM wûrdt sjoen as it it Iepen Nederlânsk kampioenskip.