Judoka Sanne Vermeer pakt brûns op Grand Prix Zagreb

27 jul 2019 - 20:47

Judoka Sanne Vermeer fan Stiens hat sneon by de Grand Prix yn Zagreb (Kroäsië) de brûnzen medalje wûn yn de kategory -63 kilogram. Yn de striid om it tredde plak fersloech se Gili Sharir út Israel op ippon.

Sanne Vermeer - Foto: www.orange-pictures.nl

It begjin fan de dei gie noch muoisum foar Vermeer. Yn de earste ronde wûn se yn de 'golden score' fan Inbal Sherman út Israel. Dat die se mei in waza-ari. Dêrnei pleatste se har foar de kwartfinale, troch de Russyske Kamila Badurova op ippon te ferslaan. Mei op 'e nij yn waza-ari yn de 'golden score' wûn Vermeer ferfolgens ek fan Mokhee Cho út Súd-Koreä.

Vermeer wie ticht by in finaleplakje, mar yn de heale finale ferlear se op straffen fan Tina Trstenjak út Slovenië. Uteinlik gie Vermeer dus net mei lege hannen nei hûs, omdat se yn de striid om it brûns fan Sharir wûn.

(advertinsje)
(advertinsje)