Man rekket ferwûne nei skûtsjesilen yn Grou: earm op ferskate plakken brutsen

In freon fan de Ljouwerter skûtsjeploech is sneon nei it SKS-skûtsjesilen by Grou ferwûne rekke. Hy hat syn earm op ferskate plakken brutsen. Dat barde by it oanlizzen fan it Ljouwerter skûtsje.
© ANP
De man lei mei syn skipke op it plak dêr't it skûtsje oanlei. Hy besocht it skûtsje ôf te hâlden, mar dêrby rekke er ferwûne. Hy krige de opstekker fan it Ljouwerter skûtsje troch de earm.

"Earm lei der hast ôf"

"De earm lei der hast ôf", seit skipper Willem Zwaga fan Ljouwert, in freon fan de ferwûne man. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht en leit dêr deselde jûn noch ûnder it mes. Neffens it personiel komt it wol wer goed mei de man.
Foardiel wie dat der ien fan de 'spoedeisende hulp' oan it wurk wie by it plak fan it ynsidint. In oare helpferliener kaam fan it Hearrenfeanster skûtsje.