Stekynsidint Wynjewâld nei spul; plysje hâldt ien persoan oan

27 jul 2019 - 19:27

In man soe yn Wynjewâld yn syn hân stutsen wêze en op syn holle slein. Dat sizze omstanners. It barde sneon oan it begjin fan de jûn oan de Loksleane yn it doarp. De plysje hat in fertochte oanholden. Dat soe de man wêze dy't ferwûne rekke is by de stekkerij.

Foto: Srfotografie

De ferwûne man is fersoarge troch ambulânsepersoniel en letter nei it sikehûs brocht. Omwenners sizze dat it slachtoffer yn syn eigen tún spul krigen hie mei in oar. It stekfoarwerp soe dêr ek noch lizze.

It plak fan it stekynsidint is ôfset. De plysje is begûn mei in buertûndersyk.

Trefwurden: 
Wynjewâld stekynsidint
(advertinsje)
(advertinsje)