UPDATE: Grutte brân yn wenning yn Ljouwert is ûnder kontrôle

Der hat sneon oan it begjin fan de jûn in grutte brân yn in tuskenwenning oan de Azaleastrjitte yn Ljouwert west. Om 19.00 oere koe de brânwacht it sinjaal 'brân master' jaan, wat betsjut dat it ûnder kontrôle is. Der binne gjin minsken ferwûne rekke, meldt de brânwacht.
Brânwacht Maaike Koornstra
Twa persoanen binne troch ambulânsepersoniel kontrolearre, mar sy hoegden net mei nei it sikehûs.

Bêdesaak

It pân grinzet oan de efterkant oan in bêdesaak oan de Grinzerstrjitwei. De brânwacht hat it grut wettertransport ynset, sadat se mear bluswetter brûke koene.
Brân Azaleastraat
Oer de oanlieding fan de brân is op it stuit noch neat dúdlik.
De brânwacht warskôge minsken om út de reek te bliuwen en net by de brân te kommen, omdat de strjitten krap binne. Oars koe de brânwacht it wurk net goed dwaan.