Partoer Remmelt Bouma ferrassende winner keatsen Seisbierrum

27 jul 2019 - 18:12

It partoer fan Remmelt Bouma, Jelte Visser en Willem Heeringa hat sneon ferrassend it haadklassekeatsen yn Seisbierrum wûn. Yn de finale wiene se mei 5-3 en 6-2 te sterk foar Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.

Foto: Henk Bootsma

Foar Bouma-en-dy is it de earste oerwinning op de haadklasse fan dit seizoen. Se begûnen de dei mei in oerwinning op Jelle Attema, Gabe Jan van Popta en Patrick Scheepstra.

Dêrnei soargen se al foar in ferrassing troch mei 5-2 en 6-6 te winnen fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Mei dy oerwinning wiene se wis fan in finaleplakje, want yn de heale finale hiene se in steand nûmer.

Foto: Henk Bootsma

Glunderjende Jelte Visser

It sprookje wie dêrmei noch net út, want yn de finale wûnen Bouma-en-dy dus ek noch fan dat oare sterke partoer fan Marten Bergsma. Foar Jelte Visser wie it hielendal moai: hy wennet yn Seisbierrum en pakte dus de haadpriis yn syn wenplak. "Elkenien hat it hjir oer my!", glundere er nei ôfrin.

De lytse preemje wie foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Yn in spannende heale finale ferlearen se mei 5-4 en 6-6 fan Bergsma-en-dy.

Foto: Henk Bootsma

Tuinenga wint by froulju

By de froulju, dy't ek yn Seisbierrum keatsten, gie de oerwinning nei Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. Yn de finale wiene se mei 5-3 en 6-4 te sterk foar Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma.

Jildou Sweering, Lotte Delgrosso en Jennie Terpstra leine beslach op de lytse preemje.

(advertinsje)
(advertinsje)