Mear dielnimmers by waarme Pieter Weening Classic

De fjirtjinde edysje fan de Pieter Weening Classic hawwe sneon sa'n twatûzen minsken lutsen. Dat binne der mear as ferline jier, doe't it tal dielnimmers ûnder de twatûzen hingjen bleau.
© Atze van der Ploeg
De tourtocht wurdt organisearre oer fiif ferskate ôfstannen: 25, 40, 60, 100 en 150 kilometer. Mei de start en finish op alle ôfstannen op it Torenplein yn Surhústerfean. Benammen by de tochten fan 25 en 40 kilometer wie dit jier mear animo as yn 2018.
De Pieter Weening Classic wurdt altyd organisearre op de sneon foar de Profronde fan Surhústerfean.