UPDATE: De Lemmer wint earste race SKS; Earnewâld, Drachten en Wâldsein 14 punten

27 jul 2019 - 18:36

It skûtsje fan De Lemmer is op de earste dei fan it SKS skûtsjesilen by Grou as earste oer de finish kaam. Grou is twadde wurden.

Earnewâld kaam as tredde oer de streek, mar nei protesten hat it skûtsje fan Gerhard Pietersma fjirtjin punten krigen. Sy hiene al betiid yn de race in oanfarring mei Akkrum.

Ek Drachten, dat as fjirde oer de streek kaam, krijt fjirtjin punten. Dat wie fanwegen protest fan de Súdwesthoeke. En Langwar en It Hearrenfean tsjinnen protest yn tsjin Wâldsein. Dat is takend, dus ek Wâldsein krijt fjirtjin punten.

De Lemmer al betiid op kop

It skûtsje fan De Lemmer, mei skipper Albert Visser, lei al oan it begjin fan de race al op kop en waard dêrby op 'e hakken sitten troch it skûtsje fan Grou. Yn de einfaze makken de Grousters it noch spannend, mar dochs koene se De Lemmer net ynhelje.

"It wie in prachtwedstriid. Foar ús mar ek foar it publyk", fertelt Visser entûsjast. "Wy wiene moai fuort. Douwe (skipper Douwe Visser fan it Grouster skûtsje red.) hat it wol besocht. Mar we ha it goed ferdigene en it slagge harren krekt net. De earste is binnen!"

Al frij gau nei de start krige it skûtsje fan Akkrum maleur. Harren gaffel bleau heakjen yn it syl fan it skûtsje fan Earnewâld, wêrnei't Akkrum mei protestflagge it spul ferliet. It skûtsje fan Akkrum liet ûnder de wedstriid noch witte der moandei wer by te wêzen op 'e Feanhoop.

Akkrum krijt oan de ein fan twa wiken skûtsjesilen it gemiddelde punten tawiisd foar de race by Grou. De protesten tsjin Earnewâld binne tawiisd.

Grouster oerboard

In ein fierder yn de race foel skoateman Feike Hoekstra fan Grou oerboard yn de saneamde 'Gleuf fan Grou'. Hy hong nei in gyp oan de gyk en koe himsels net hâlde.

De temperatuer yn de protestkeamer sil nei alle gedachten noch heger oprinne. De skûtsjes fan Akkrum, Earnewâld, Drachten, Súdwesthoeke en Langwar hawwe nammentlik protest oantekene.

Botsing

Opfallend wie de oanfarring fan it Grouster skûtsje mei in rekreaasjeboatsje, dat yn it wedstriidwetter lei.

(advertinsje)
(advertinsje)