Ljouwerter StadsOase komt wer werom

27 jul 2019 - 15:24

Kultureel briedplak StadsOase komt, nei in suksesfolle lansearring foarich jier, wer werom yn Ljouwert. StadsOase is in plak dêr't jonge kreatievelingen de kâns krije harsels te presintearjen en ek oan it wurk kinne.

Foto: Marc Henri Quere

Koen Haringa oan it wurd

Fan 16 augustus ôf sil it kafee en terras fan kreative hotspot Neushoorn, oan it Ruterskertier, plak biede oan de keunstners. Ek de 'loading dock' sil omboud wurde ta in plak dêr't jonge kreativelingen harren plannen útwurkje kinne.

De StadsOase, ek wol bekend as 'pop-up biergarten', fan 2018 fûn plak yn de binnentún fan it eardere Aegon-gebou. Dêr kamen sa'n 3.000 besikers op ôf yn fiif wykeinen. It plak is brûkt troch hast hûndert muzikanten, DJ's, keunstners, strjitartysten en oare kreativelingen.

Pop-up

It briedplak sil fjouwer wykeinen lang iepen wêze. "Het idee van de StadsOase is wel dat het een pop-up-concept is, waarbij we heel erg flexibel zijn. Nu is dat in Leeuwarden soms wel wat lastiger, omdat je zit met locaties en toestemming. Volgend jaar willen we wel langer actief zijn", fertelt projektlieder Koen Haringa.

Foto: Marc Henri Quere

Haringa is út 'e skroeven. "We dreigden in creatief opzicht terug te zakken naar een bedenkelijk niveau, waar er naast een aantal festival niks te doen is voor creatieven uit de stad, en datzelfde geldt voor uitgaand publiek. Nu de StadsOase mede dankzij LF2028 en Neushoorn toch door kan gaan, kunnen we toch werken aan een goede zomer."

Spoardok

It is de bedoeling dat de StadsOase in nij plak krijt yn it spoardok achter it Ljouwerter stasjon. "Ik heb in opdracht van het LOF, het Leeuwarder Ondernemersfonds, een visie geschreven. Die gaat over de gebiedsontwikkeling van het spoordokgebied. Daar zit denk ik wel veel toekomstmuziek in."

It programma fan de StadsOase wurdt de kommende wiken bekend makke. De StadsOase wurdt organisearre troch Podium Asteriks.

(advertinsje)
(advertinsje)