SC Hearrenfean hiert ferdigener Botman (19) fan Ajax

27 jul 2019 - 14:00

Sportklup Hearrenfean hiert it kommende seizoen ferdigener Sven Botman fan Ajax. Botman is 19 jier, jeugdynternasjonal en spilet ien seizoen yn it pompeblêdeshirt.

Foto: www.orange-pictures.nl

It ôfrûne seizoen spile Botman 28 wedstriden foar Jong Ajax yn de earste difyzje. De ferdigener fan 1,93 meter skoarde dêryn twa kear. Boppedat hat er njoggen wedstriden spile foar it Nederlânsk alvetal ûnder de 19.

'Talentvol en sterk in de lucht'

Gerry Hamstra, technysk manager fan Hearrenfean, is wiis mei Botman: "We zochten een linksbenige centrale verdediger om onze selectie te versterken. Sven is talentvol, sterk in de lucht en goed in het verzorgen van de opbouw van achteruit. We zijn dan ook blij dat hij voor ons gekozen heeft."

Hearrenfean spilet sneontejûn yn Ingelân in oefenwedstriid tsjin Sunderland. Botman sit al by de seleksje fan Johnny Jansen.

(advertinsje)
(advertinsje)