Eelke Bakker (109) wol neat witte fan rollator of stôk: "Ik kin my sa ek wol rêde"

27 jul 2019 - 13:20

Aldste man fan de Benelux Eelke Bakker (109) wol neat wite fan rollator of stok: "Ik kin my sa ek wol rêde"

Eelke Bakker út Dokkum, offisjeel de âldste man fan Nederlân, België én Lúksemburch, is 109 jier âld, mar wol neat witte fan in rollator of in stôk. Sneon fierde hy yn Damwâld syn jierdei mei bern, pakesizzers en oerpakesizzers. Boargemaster Hayo Apotheker fan Noardeast-Fryslân kaam ek del.

Eelke Bakker (109) wol neat wite fan in stok of rollator - Foto: Omrop Fryslân

Hayo Apotheker lokwinsket Eelke Bakker mei syn jierdei

Apotheker hie soks ek noch net earder meimakke yn syn 38-jierrige karriêre as boargemaster en lokwinske Bakker wiidweidich. "Ik bin der grutsk op dat de âldste ynwenner fan Nederlân in Dokkumer is. Dat seit wol wat oer sûn âlder wurde. Ik leau dat der yn it suden fan Frankryk noch in man krekt wat âlder is, mar dat moatte we mar even ferjitte."

Soad meimakke

Bakker hat fansels in soad meimakke yn syn lange libben. Hy seach de earste auto op It Amelân en it earste fleantúch. Hy hat in moai en lang libben hân, mar it wie net allegearre wielde, want hy gie al as jonge fan 17 as boere-arbeider fan It Amelân nei de wâl, nei Anjum en Mitselwier, om dêr oan it wurk te gean.

Hy troude yn Mitselwier en krige fjouwer bern. Trije dêrfan libje noch. "It wie in strange heit", seit dochter Iemy Bakker, "mar we binne neat tekoart kaam." "Sa myld as er no is, wie er net altiten", heakket soan Ale oan it ferhaal ta. "It wie in hurde wurker en in fûlen ien dy't de bern learde om werom te slaan as se pleage waarden op it skoalplein."

Eigenwiis

Eigenwiis is Bakker noch hieltiten. De man wennet selsstannich yn Dokkum, mei help fan bern en pakesizzers. Fan helpmiddels makket er sa min mooglik gebrûk. De man wol bygelyks neat wite fan in rollator of in stôk. "Ik kin my sa ek wol rêde."

Bakker sliept in soad en makket him fierder net al te drok. Hy fernuveret him wol geregeld oer nijmoadrige útfinings, lykas de TomTom. "Mar hoe wyt dy frou no, wêr't wy hinne moatte? Kin sy ús dan sjen?", freget er as er by syn soan yn de auto sit.

Onno Falkena yn petear mei Bakker

Iemy en Ale Bakker oer harren heit

(Advertinsje)
(Advertinsje)