Earste offisjele hjitteweach op de Waadeilannen

27 jul 2019 - 13:05

De hjitteweach hat no ek it Fryske Waadeilân Flylân berikt. Foar safier bekend is it de earste offisjele hjitteweach op de Waadeilannen. Sneon is nammentlik de fyfde dei op in rige dat it der waarmer is as 25 graden. Trije dagen dêrfan wie de temperatuer heger of gelyk oan 30 graden.

Ferkuolling op it Waad - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Weerplaza ferwachtet dat de temperatuer op Skylge yn in pear oeren ek boppe de 25 graden komme sil, wêrtroch't der dêr ek sprake is fan in offisjele hjitteweach.

Ofrûne tiisdei waard it by de mjitpunten fan de KNMI op Flylân en Skylge 25 graden. De trije dagen dêrnei waard it mear as 30 graden, mei de heechste temperatuer freed.

It mjitstasjon fan Flylân bestiet sûnt 1996 en dat fan Skylge sûnt 1994. Sûnt dy tiid is der noch nea in offisjele hjitteweach metten. Oft der dêrfoar noch nea in hjitteweach west hat, falt net te sizzen, omdat it KNMI doe gjin mjitpunten hie.

(advertinsje)
(advertinsje)