Oantal besikers Turfrûte flink ôfnaam troch gebrek oan promoasje

27 jul 2019 - 12:34

It giet net goed mei de Turfrûte. Ut sifers fan de provinsje Fryslân docht bliken dat der rûchwei 25 persint minder boaten oer de rûte yn súdeast-Fryslân farre as ferline jier. Oarsaak is dat de provinsje Stichting De Nije Kompanjons, dy't de promoasje fersoarge, ferbea boatsjejild yn te sammeljen.

De feanfearten troch ferskate natuergebieten yn súdeast-Fryslân wurdt net in soad brûkt. De provinsje stuts earder noch wol miljoenen yn it ferbetterjen fan de rûte, mar ferbea de frijwilligers fan behearende Stichting De Nije Kompanjons boatsjejild te heffen, dat nedich is foar promoasje.

Albert Hendriks, fan toerismeburo Friesland Holland yn Wolvegea, makket him soargen. "It foel my op dat it rêstich wie op de Turfrûte. De slûswachter befêstige myn yndruk dat it rêstiger is as foarich jier."

Slûs yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart yn Appelskea - Foto: Udo Ockema (Wikipedia, Creative Commons)

Mar hoe kin it dat it farferkear op de rûte sa bot ôfnaam is? "Stichting De Nije Kompanjons wie hiel aktyf yn de promoasje fan de Turfrûte. Se makken ek in magazine, dat se nei alle boatferhierders yn Noard-Nederlân brochten. It jild dêr't se dat mei bekostigen, kaam út de entreejilden", leit Hendriks út.

De Kompanjons mochten fan de provinsje lykwols gjin jild mear freegje oan de boatsjeminsken dy't de rûte farre woene en rûnen dêrtroch tûzenen euro's mis. Se hiene dat jild nedich om promoasje te meitsjen. Dy promoasje wie nedich om't der te min boatsjes gebrûk makken fan de rûte.

Foto: Omrop Fryslân

De provinsje bea in tydlike kompensaasje oan, mar dy wie neffens de stichting net genôch om de promoasje profesjoneel oan te pakken. "Se baalden der sa bot fan dat provinsje de mienskip stikke liet, dat se seiden: "We kappe dermei!"."

Dêrom besleat de stichting, dy't yn 1974 oprjochte waard, der definityf mei op te hâlden. Sûnt it fuortfallen fan de frijwilligers, is de tastream fan plezierfarders fan de Fryske Marren nei de Turfrûte stadichoan ôfnaam.

Gjin kaarten te finen

Promoasje fan de griene rûte soe op dit stuit dus krúsjaal wêze om wer nije besikers te lûken. "Fan alle fargebieten yn Nederlân kinst wol kaarten krije, mar net fan de Turfrûte. Sels yn it toeristysk magazine fan Appelskea, dat it hert is fan de súdeasthoeke, komt dy hiele Turfrûte net foar. Dat is in drama."

Ek de subsydzje foar de promoasje fan de rûte op bûtenlânske boate- en fakânsjebeurzen waard stopsetten. Dêr foel lykwols in soad te heljen. "Bûtenlanners fine sa'n slúzerûte hartstikke moai." Neffens Hendriks is de Turfrûte sa bysûnder dat dy wol ris takomstich UNESCO wrâlderfgoed wêze wurde koe.

Albert Hendriks fan toerismeburo Friesland/Holland

(advertinsje)
(advertinsje)